Greidhoekepartij Mantgum - Wommels
Earst waerd der troch Antsje noch in groepsfoto makke en doe gong it oan ûnder leiding fan skiedsrjochter Jelle Anema.. De Senioaren: Skelte Anema, Wilco Fopma, Sjirk Gjalt de Groot makken der in moaie striid fan. technysk, taktysk en ferbaal wiene ja net de mindere fan Wommels en tot 3 earsten gong it aardich lyk op. Doe moasten hja jammergenoch belies jaan en ferlearen mei 5-3 en 6-0. De junioaren: Jelle Bosje, Johannes Muller en Jasper Visser makken der ek in spannende striid fan en woene harren net samar oerjaan. Mar hja ferlearen ek, mar flatteard, mei 5-4 en 6-4. It froulju’s partoer: Joke Koldyk, Baukje Stienstra en Jennie Terpstra hie har jûn net. Kjeld en kâlde hurde wyn soarchen der foar dat hja net yn harren spul kamen. Faaks rêdde de froulju fan Jakob Klaver de eare, mar no wie der gjin eare mear te beheljen. Ek de froulju ferlearen mei 5-3 en 6-2. Mei 0-3 gong de winst nei Wommels. De publieke belangstelling wie net grut. De kjeld hie in protte minsken thúslitten. De kompetysje is no op de helte en foar Mantgum is der noch ien thúswedstriid op 9 juni tsjin Easterlittens. De Greidhoeke party is in prachtige keatserij dy mear publyk fertsjinnet en ik hoopje dan ek dat de banken dan fol sitte.
Geplaatst op 27 May 2010